It Skriuwersboun bestiet 50 jier! Fansels heart by in jubileum fan in feriening foar skriuwers ek in boek. Wy wolle eins in boek meitsje dat net allinnich foar Skriuwersbounleden hiel aardich is, mar ek foar in lêzer dy’t net wit wat it Boun is en docht.
Wy binne fan doel om in boek gear te stallen mei gedichten, ferhalen, teaterteksten, ferhalen foar bern en folle net genôch. It boek hat it tema: ‘it plak’.
It bestjoer hat yllustrator Laurens Bontes ree fûn om in wenplak te tekenjen. Yn dat plak kinne alderhanne dingen barre, dy’t wy as skriuwer optinke en beskriuwe. Justerjûn, op de ALG, hat Laurens syn ryk yllustrearre plaat sjen litten. De oanwêzige leden wienen wakker optein, want der is fan alles te ûntdekken op de tekening. …